Spoedreparaasje dyk net nedich

18 okt 2012 - 12:48

In grutte spoedreparaasje oan de Lauwersmardyk is noch net nedich. Dat seit steatsiktaris Atsma. In moanne lyn is de Lauwersmardyk oer in lingte fan twahûndert meter fersterke. It CDA yn de Twadde Keamer woe witte wannear't de rest fan de dyk oan bar is. Yn 2010 hat bliken dien dat sân-en-in-heale kilometer fan de Lauwersmardyk fersterke wurde moat. Neffens Atsma bepaalt it regear pas yn 2014 hokker dykfakken lâns de Nederlânske kust fersterke wurde. Dan falt ek it beslút oft de Lauwersmardyk foarrang krijt. Der is gjin akút gefaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)