Spoedproseduere oanlis akwadukt

25 jul 2003 - 00:00

Om it nije akwadukt by Wâldsein op tiid oanlizze te kinnen om yn oanmerking te kommen foar Europeeske subsydzjes, komt Wymbritseradiel mei in spoedproseduere. It giet dêrby om de helte fan it akwadukt en in part fan de rûnwei.

De oare helte fan it projekt is al earder yn in bestimmingsplan fêstlein. Allinnich ien oansluting fan de rûnwei op de trochgeande dyk is noch net regele, mar dêr wolle de provinsje en de gemeente net op wachtsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)