Spoeddebat oer Waadfûns

01 feb 2011 - 19:10

PvdA, CDA, D66 en GroenLinks freegje in spoeddebat oan oer it Waadfûns. It kabinet wol fan it Waadfûns ôf, mar de partijen binne it dêr net mei iens. PvdA-Keamerlid Lutz Jacobi fynt dat it in rommeltsje is by it Waadfûns en wol dat der nije, helderder rjochtlinen opsteld wurde foar de subsydzjes.

Minister Melanie Schultz praat mei de provinsjes oer it oerheveljen fan it Waadfûns nei de provinsjes. De opposysje wol dat it jild yn de tuskentiid gewoan beskikber bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)