Spoeddebat oer Caparis

08 maaie 2013 - 08:23
  • Caparis

De gemeenteried fan Smellingerlân hâldt tiisdei 14 maaie in spoeddebat oer Caparis. De SP en VVD hawwe hjir om frege en dat fersyk krige de stipe fan de opposysje en twa koälysjepartijen, it CDA en de PvdA wiene tsjin.

It debat giet oer de opstapte direkteur Wilko de Vreeze. Op 23 maaie prate de oandielhâlders oer de kwestje en dêrfoar wol de ried syn wethâlder noch it noadige meijaan. De Vreeze wurdt fertocht fan belangeferstringeling. Hy soe fia syn eigen detasjearringsbedriuw jild fertsjinne ha oan pleatsing fan minsken by Caparis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)