Spoeddebat oer Bijman

17 des 2004 - 17:21

De opposysje yn de Provinsjale Steaten wol in spoeddebat ha oer de posysje fan deputearre Bijman. Ynset is in stik fan Deputearre Steaten oer in regeling foar boeren dy't skea hân ha fan de tongblier.

Nei oanlieding fan dat stik hat Bijman boeren beloftes dien oer kompinsaasje. It stik wie earder dizze wike net te finen, sadat de opposysje net leaude dat it bestie. It is no boppe wetter, mar de opposysje hat noch fragen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)