Spoarwurk hinderet sponsorloop

17 maaie 2007 - 11:25

De sponsorloop De Lus van Akkrum giet dit jier net troch. Dat komt troch it wurk oan it spoar tusken Ljouwert en Hearrenfean. De spoaroergong leit flak nei de start. It is net feilich dat dêr grutte kloften rinners lâns geane.

Boppedat is der op it stuit mar ien tagongsdyk nei it doarp en dat soarget foar drok ferkear. De organisaasje fynt it net ferantwurde om de rin te organisearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)