Spoaroergong Bûtenpost oanpakt

14 apr 2010 - 15:10

De spoarwei-oergong yn Bûtenpost wurdt noch foar ein april feiliger makke. De lêste tiid kamen dêr wolris auto's fêst te sitten op it spoar, trochdat bestjoerders op in ferkeard plak oerstutsen. Se komme dan net oer it beton yn de oergong, mar oer de rails sels. It is ûndúdlik hoe't minsken ride moatte.

Dy gefaarlike situaasje wurdt no oanpakt. Der komme ekstra skrikhekken en buorden wize sjauffeurs wize op it plak om oer te stekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)