'Spoarferbining moat better'

08 aug 2013 - 11:22
  • NS-trein

De spoarferbining tusken de Rânestêd en it Noarden moat folle better. Dat fynt alteast de Werkgroep Spoor in Friesland. Sa rydt tusken Ljouwert en Zwolle ien intercity en ien stoptrein, wylst tusken Grins en Zwolle dat tal twa kear sa heech is. Neffens de wurkgroep is dat yn striid mei eardere tasizzings fan it kabinet.

De ynfiering fan in nij befeiligingssysteem op it spoar Ljouwert-Grins soe derfoar soargje kinne dat de treinen op dat trajekt tenei 200 km ride kinne. Dat soe ek in koartere reistiid opsmite kinne, neffens de wurkgroep.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)