Spoaren ferriede ynbrekker

11 feb 2010 - 10:07

In 43-jierrige ynbrekker út Drachten koe tongersdeitemoarn betiid yn syn wenplak troch de plysje oanholden wurde troch de spoaren fan de dieder yn de snie te folgjen. Bewenners fan in wenning oan de Einekroas waarden wekker troch it leven dat de ynbrekker makke. Se binne dêrop op ûndersyk útgien en seagen de ynbrekker útnaaien.

De plysje waard ynskeakele en dy hat de dieder op de Valkstrjitte oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)