Spoarbrêge Warkum 'te waarm'

02 jul 2008 - 16:00

In berjocht foar trein- en farferkear yn Fryslân. Twa brêgen kinne net betsjinne wurde. Brêge de Nauwe Wimerts yn Wâldsein kin troch in steuring net bestjinne wurde. Dit duorret yn elts gefal oant woansdei fiif oere, mar mooglik noch langer.

En troch de waarmte binne der ek problemen by de spoarbrêge oer it Klifrak by Warkum. Der kinne gjin treinen oer de brêge. Treinreizigers moatte op it trajekt Starum - Snits rekken hâlde mei in oere fertraging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)