Spoarbrêge Akkrum wer makke

16 aug 2008 - 13:59

Der ha sneon opnij problemen west mei de spoarbrêge by Akkrum, mar yntusken binne dy wer oplost. Dat hat spoarbehearder ProRail bekendmakke. Treinreizgers tusken Meppel en Ljouwert rûnen troch de steuring fertraging op.

De nije spoarbrêge by Akkrum is geregeld stikken. De provinsje easket dat ProRail it probleem gau oplost. Dizze steuring wie al de tredde yn ien wike tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)