Spoarbrêge Akkrum 'wer hiel'

12 jul 2007 - 16:35
  • It beweechbere diel wurdt te plak takele
  • Taskôgers wolle dit 'histoaryske momint' net misse én fêstlizze op kamera

De âlde spoarbrêge by Akkrum is yn in rekordtiid fan tsien dagen ferfongen troch in nijenien. As klapstik waard tongersdei it beweechbere diel te plak takele. Der wurkje 150 man oan de nije brêge, yn ploegetsjinst.

De nije spoarbrêge kin foarearst noch net iepen. Dat duorret noch oant 20 augustus. It hiele projekt kostet fyftjin miljoen euro. De nije brêge is trije meter heger as de âlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)