Spoar krijt grutte opknapbeurt

25 feb 2008 - 20:31
  • It wykein fan 8 en 9 maart leit it treinferkear tusken Ljouwert en Grins stil.

Op it spoar tusken Ljouwert en Grins begjint oer in lytse twa wiken de grutste opknapbeurt fan de lêste tsien jier.

Dat besjut dat it treinferkear 52 oeren hielendal stillein wurdt. It giet om it wykein fan 8 en 9 maart. Reizgers wurde dan mei bussen ferfierd. Ek de Fryske boekewike wurdt dêrtroch troffen. Gewoanwei kinne keapers fan it boekewikegeskink fergees mei de trein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)