Spoar Grins-It Fean stiet faai

08 des 2011 - 11:54
  • Arriva bus

It behear en ûnderhâld fan it spoar dat der komme moat tusken It Hearrenfean en Grins wurdt folle djoerder as earder foarsjoen. Dêrtroch sil de eksploitaasje fan de spoarline in dreech ferhaal wurde. Dat sil de provinsje freed fertelle oan de belutsen partijen en gemeenten. It giet om in bedrach fan sân miljoen euro yn it jier. Deputearre Sietske Poepjes hat de Steaten dêr freed yn it geheim oer ynformearre.

De oanlis fan it spoar kostet in lytse 600 miljoen euro. Ferfiersbedriuw Arriva bestriidt dat it te djoer wurdt. Neffens direkteur Anne Hettinga bassearret de provinsje him net op de goede boarnen. Hy tinkt dat der yn de oanbesteding in soad te regeljen falt. Hy is benaud dat de kosten no brûkt wurde as argumint om de plannen ôf te sjitten omdat der kwalik polityk draachflak is. Neffens him giet it om ien fan de wichtichste projekten foar dizze provinsje fan de kommende 50 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)