'Spoar earder oanlizze'

06 des 2007 - 20:32

It regear moat opsjitte mei de ferdûbeling fan it spoar fan Weesp nei Almere en Lelystêd. Dat is fan grut belang foar de berikberens fan Fryslân, Grinslân en Drinte. Dat fynt in mearderheid fan de Twadde Keamer.

It spoar hat no twa banen, mar dat wurde der yn de takomst fjouwer. De keamer fynt dat der sa gau as mooglik mei begûn wurde moat, omdat it spoar dat der leit de drokte no al net mear ferwurkje kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)