Splitsing sportterrein K'tille

21 des 2012 - 16:59

It sportterrein yn Koatstertille wurdt splitst. De tennisklup en de jeu-de-boulesferiening dy't dêr sitte krije dan beide in aparte hieroerienkomst. Beide klups ha spul oer jild. Dat eskalearre sa dat de tennisferiening de jeu-de-boulers ferbea syn banen noch te brûken. De gemeente Achtkarspelen is op it stuit noch mei beide partijen yn petear oer in oplossing. Neffens wethâlder Van der Veen moat der foar 1 maart in oplossing wêze foar it skeel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)