Splitsing rêding fallyt Walda

21 jun 2006 - 12:04

It fallite ynstallaasjebedriuw Walda yn Drachten wurdt splitst om it bedriuw te rêden. De ynstallaasjeaktiviteiten wurde oernommen troch it lanlik operearjende Burgers Ergon út Apeldoorn. De 36 wurknimmers gean mei oer.

De kurator ferwachtet tiisdei ek noch oerienstimming mei in oar bedriuw oer de oername fan de behear- en ûnderhâldsôfdielings. Dêrtroch hâlde nochris tolve minsken harren baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)