Splitsing Drachten giet ticht

04 nov 2012 - 11:23
  • Drachtsterfeartprojekt

Yn Drachten wurdt moandei echt begongen mei it útgraven fan de Drachsterfeart. De splitsing tusken de Suderhegewei en de Molendeind wurdt definityf ôfsletten foar it ferkear. Ferkear moat dan oer de bypass dy't by de Suderhegewei oanlein is. Yn beide rjochtingen is mar ien riidbaan beskikber. Op de âlde splitsing wurdt it asfalt iepenbrutsen. Nutsbedriuwen sille dan earst de liedingen ferlizze. Yn jannewaris wurdt begongen mei de brêge dy't skielk oer de feart lizze sil. Takom moanne wurdt dêr al graafwurk foar dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)