Splash no ynternasjonaal erkend

22 nov 2005 - 08:47

De lytse sylboat Splash dy't ûntwikkele is yn Grou, hat in ynternasjonale erkenning krigen fan de International Sailing Federation. Troch dizze nije status wurdt de Splash no oer de hiele wrâld erkend as sylklasse foar de jeugd.

Om de erkinning te berikken moast betinker Roel Wester soargje foar safolle mooglik silers, op safolle mooglik plakken op de wrâld. Dat is neffens de Sailing Federation al slagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)