Spjeldsjes foar trouwe PvdA'ers

23 sep 2006 - 15:09

De ferkiezingskampanje fan de PvdA is sneon yn Ljouwert út ein set mei it útrikken fan spjeldsjes oan leden dy't fan de earste oere ôf lid binne de partij. De PvdA bestiet no 60 jier.

Keamerlid Jacques Tichelaar en deputearre Anita Andriesen spjelden sneon yn fersoargingshûs Erasmushiem yn Ljouwert de âldere leden de ûnderskieding op. Tichelaar hie yn syn taspraak hurde krityk op it âlderein-belied fan premier Balkenende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)