Spitsoere by winterneedopfang

De yngong fan de nachtopfang oan de Oldegalileeën
De gasten fan de nachtopfang krije ek in waarm miel

De winterneedopfang fan De Terp yn Ljouwert hat dizze wike twa kear safolle minsken oer de flier as oars. Sy krije dêr net allinnich in waarm bêd en in ferplichte dûs, mar ek noch in waarm miel.

Fanwege de lege temperatueren is sliepe by de needopfang no fergees. Ek geane meiwurkers fan 'e needopfang aktyf op syk nei minsken dy't dochs noch bûtendoar sliepe. Sy krije it driuwende advys om nei de winterneedopfang te gean. De opfang hat alle nachten tusken de 35 en 40 gasten.

De regels by de opfang binne wat minder strang as oars. Ek minsken ûnder ynfloed fan drank en drugs wurde net wegere. By de nachtopfang brûke is net tastien. Drank en medisinen moatte by de resepsje ôfjûn wurde.

Meiwurkster Moniek fan de winterneedopfang

Besjoch ek...

14 mei 2012 - 20:31
25 apr 2012 - 16:35
30 jan 2012 - 12:42
27 jan 2012 - 18:08
17 jan 2012 - 21:40

(advertinsje)

(advertinsje)

It nijs yn 1 minút

(advertinsje)

Reade Tried

Alle swangere froulju moat it rjocht hawwe om thús te befallen.
Ja, foar mem en bern is in thúsbefalling it bêste
63%
Nee, it makket foar de poppe net út wêr't it berne wurdt
16%
Nee, om ûnnedige risiko's foar te kommen moat je yn it sikehûs befalle
21%
Totaal tal stimmen: 233

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.

Nijs NOS.nl