Spitse yn aksje tsjin Frankryk

14 okt 2012 - 14:21

Fuotbalster Sherida Spitse fan Snits is troch bûnscoach Roger Reijners selektearre foar it Nederlânsk frouljusalfetal, dat woansdei 24 oktober de oefenynterlân spilet tsjin Frankryk. Foar de Oranje froulju is it de earste ynterlân sûnt se har de ôfrûne moanne pleatsten foar it EK 2013.

Spitse spile fan 2007 ôf fiif seizoenen foar it frouljusteam fan SC Hearrenfean. Ofrûne simmer makke se de oerstap nei FC Twente. De Snitser middenfjilder debutearre al op 16-jierrige leeftyd yn it Nederlânsk alvetal en spile mear as 70 wedstriden foar Oranje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)