Spitse tinkt oer oerstap

10 apr 2012 - 21:29

Troch alle perikelen oer it wol of net trochgean fan it frouljusfuotbal by SC Hearrenfean driget de klup syn iennichste echte topspylster kwyt te reitsjen. Ynternasjonal Sherida Spitse fan Snits hat ferskate oanbiedings krigen en tinkt serieus nei oer in oerstap. SC Hearrenfean makke tiisdei bekend dat it frouljusfuotbal te djoer is. Der binne wol plannen om mei sponsors in amateurtak op te setten, mar dat is noch ûnwis. Spitse fielt har as 'echte Fries' ferbûn oan de klup en wol graach bliuwe, mar dan moat de seleksje wol op peil bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)