Spitse mei fuotbalfroulju ûnderút yn twadde WK-wedstriid

12 jun 2015 - 06:09
  • Sherida Spitse (rjochts) nei de ferlerne wedstriid tsjin Sina

De Nederlânske fuotbalfroulju hawwe yn de nacht fan tongersdei op freed de twadde groepswedstriid op it WK yn Kanada mei 1-0 ferlern fan Sina. De winnende goal foel pas yn de ekstra tiid. By Nederlân spile Sherida Spitse út Snits de hiele wedstriid. Keepster Loes Geurts fan Hichtum kaam net yn aksje, sy hat in ankelblessuere.

De fuotbalfroulju steane mei noch ien groepswedstriid te gean tredde yn de pûl. Tiisdeitenacht is thúslân Kanada de tsjinstanner. De nûmers 1 en 2 en de bêste fjouwer nûmers 3 geane troch nei de achtste finales.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)