Spitse kampioen mei FC Twente

11 maaie 2013 - 14:07
  • Sherida Spitse

Fuotbalster Sherida Spitse fan Snits is lânskampioen wurden mei de fuotbalfroulju fan FC Twente yn de BeNe League A. Twente wûn freed mei 4-1 fan Lierse, wêrtroch't de titel binnen wie. Boppedat is de kampioenstitel goed foar in ticket foar de Champions League. Spitse tekene yn de kampioenswedstriid foar de 2-0 troch in strafskop te fersulverjen.

Sherida Spitse spile fan 2007 oant en mei 2012 as oanfalster foar SC Hearrenfean en makke ferline jier de oerstap nei FC Twente. De Snitserse komt sûnt 2006 út foar it Nederlânsk alvetal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)