Spitse is fol betrouwen oer pleatsing fuotbalfroulju foar OS

26 jun 2015 - 12:41
  • Sherida Spitse (rjochts) nei de ferlerne wedstriid tsjin Sina

De Nederlânske fuotbalfroulju hawwe neffens middenfjilder Sherida Spitse út Snits in goeie kâns om de Olympyske Spelen te heljen. Trochdat de Oranje Leeuwinnen op it WK yn Kanada útskeakele waarden yn de achtste finales tsjin Japan, moatte de froulju takom jier in kwalifikaasjetoernoai spylje om in Olympysk startbewiis. Dêryn moat Nederlân it opnimme tsjin Noarwegen, Sweden en Switserlân.

Spitse tinkt dat de ploegen oaninoar weage binne, mar dat Oranje op it WK sjen litten hat dat se it nivo hawwe om harren te pleatsen.

Neffens Spitse soe it goed wêze foar it Nederlânsk frouljusfuotbal as Oranje op 'e nij skiednis skriuwt. De pleatsing foar it WK stiet al yn de skiednisboeken, omdat it de earste kear wie dat de fuotbalsters harren derfoar pleatsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)