Spits Yuri Rose nei Hearrenfean

09 jan 2004 - 00:00

Yuri Rose spilet fan kommend seizoen ôf by sportklup Hearrenfean. Rose spilet op dit stuit by Heracles yn Almelo, de klup fan de nije Hearrenfean-trainer Gert Jan Verbeek. Yuri Rose is 24 jier.

Rose hat 5 seizoenen by Volendam spile en is dit jier mei syn 2e seizoen by Heracles dwaande. Hy is mei Huntelaar fan De Graafschap mei fyftjin goals topscorer fan de earste divyzje. Foar Rose hoecht gjin transfersom betelle te wurden om't syn kontrakt ôfrint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)