Spits Mitchell Te Vrede fan Feyenoord nei SC Hearrenfean

07 aug 2015 - 13:01

Feyenoord-spits Mitchell te Vrede tekenet freedtemiddei op syn jierdei in kontrakt by SC Hearrenfean. Hy krijt in kontrakt foar twa jier, mei in opsje foar in tredde seizoen. De spits stie sûnt 2012 by Feyenoord ûnder kontrakt. Hy spile 35 kompetysjewedstriden, wêryn't hy alve kear scoarde. Ek die er mei oan seis Europeeske wedstriden. Dêryn makke hy trije goals.

Njonken Te Vrede wurdt fan 'e middei ek de Sloveen Luka Zahovic fêstlein. Hy komt oer fan NK Maribor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)