Spits Matusiak nei Hearrenfean

24 aug 2007 - 12:34
  • Radoslaw Matusiak tekene freedtemiddei by Hearrenfean

De Poalske ynternasjonal Radoslaw Matusiak spilet de kommende trije seizoenen foar SC Hearrenfean. De sportklub makke dat freed bekend. Matusiak is in oanfaller. Hy is de opfolger fan Lasse Nilsson, dy't nei Saint Etienne yn Frankryk gie.

Matusiak spile ôfrûne woansdei noch mei Poalen tsjin Ruslân. Hy spile njoggen kear foar it nasjonale alvetal en skoarde dêryn fjouwer kear. Matusiak spilet no noch foar Palermo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)