Spinozapriis foar Piersma

06 jun 2014 - 16:25

Theunis Piersma út Gaast hat yn Utrecht de heechste wittenskiplike priis fan Nederlân krigen, de Spinoza Premie fan 2,5 miljoen euro. Piersma is heechlearaar trekfûgelekology oan de universiteit fan Grins en ûndersiker oan it Koninklijk Instituut voor Onderzoek der Zee. Hy is ek lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippers.

De priis wurdt alle jierren útrikt troch de Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek oan trije of fjouwer ûndersikers dy't baanbrekkend ûndersyk dogge op nasjonaal en ynternasjonaal nivo.

It giet om minsken dy't ta de wrâldtop rekkene wurde. Piersma ûndersiket de oantallen en fersprieding fan trekfûgels lykas de skries, mients en leppelbek. Dat bart ek troch de fûgels lytse stjoerders mei te jaan. Piersma hat boppedat hiel wichtich west om it belang fan de Waadsee foar dy trekfûgels oan te toanen. Hy brûkt it prizejild om fierder ûndersyk te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)