Spinozapreemje Piersma útrikt

09 sep 2014 - 19:04
  • It boekje foar de bern fan Kening Willem-Alexander

Wittenskipper Theunis Piersma fan Gaast hat tiisdei yn Den Haach offisjeel de Spinozapreemje yn ûntfangst naam. Piersma krijt de preemje foar syn ûndersykswurk. Hy hat de ôfrûne jierren ûnder oare ûndersyk dien nei de oantallen en fersprieding fan greidefûgels lykas de skries en de mients.

By de seremoanje wie ek Kening Willem-Alexander oanwêzich. Piersma hat him trije boekjes oerlange foar syn trije dochters. Yn de speach dy't er hâlde mocht fertelde Piersma ek oer skries Amalia dy't er folge hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)