Spinnen langer yn Ljouwert

24 aug 2011 - 20:20

De spinne-eksposysje yn it Natuermuseum yn Ljouwert bliuwt trije wike langer. De spinnen binne noch oant en mei 18 septimber te sjen. De eksposysje hat al tûzenen minsken lutsen en dêrom is besletten om de eksposysje langer duorje te litten.

De spinnen geane ek dan noch net yn it magazyn, mar wurde ferhuze nei it natuermuseum fan Domburg. De grutte seal yn Ljouwert wurdt dan omboud foar it 'Eet-en-weet-festijn' dat yn de hjerstfakânsje op it programma stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)