Spinnekopmûne Burd draait wer

19 nov 2005 - 13:51

De restauraasje hat goed in heal jier yn beslach naam, mar sûnt freed stiet de spinnekopmûne op de Burd by Grou wer yn folle gloarje te draaien.

De spinnekopmûne is ien fan de âldsten fan Fryslân, mar de ôfrûne tsien jier stie er stil. Mei jild fan ûnder oare de provinsje en de gemeente Boarnsterhim is de mûne yn de ôfrûne moannen restaurearre en freed waard er offisjeel wer yn gebrûk naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)