Spinnekop fernield by oanfarring

10 jan 2004 - 00:00

De Grouster Haensmole op 'e hoeke fan de Pikmar en it Prinses Margrietkanaal is freedtejûn folslein fernield nei in oanfarring troch in 89 meter grut frachtskip. In lege tanker op wei nei Delfsyl boarde him krekt op it plak fan de mole meters de wâl yn. Hoe't dit koe is noch in riedsel. Fan 'e 18-de ieuske mole is net folle mear oer.

De spinnekop is in karakteristyk symboal fan wettersportdoarp Grou. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)