Spilerswiksel by SC Hearrenfean

06 jan 2004 - 00:00

Arjan van Halen giet by SC Hearrenfean wei. Hy soe noch oant de ein fan it seizoen foar Hearrenfean fuotbalje, mar giet werom nei syn eardere club, BVO Emmen. Van Halen hat twa-en-heal jier foar de Fryske club spile.

De Belch Emmerik de Vrieze (18) is nij by Hearrenfean. De linkerspits komt fan AA Gent en spile foar België yn ferskate nasjonale jeugdteams. De jonge Belch spilet foarearst op amateurbasis mei kâns op in profkontrakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)