Spilerspassen gjin probleem

10 sep 2011 - 14:52
  • Kontrôle fan de spilerspassen (foto: Omrop Fryslân)

It amateurfuotbal hat sneon gjin grutte problemen hân mei spilerspassen. It wie noch spannend, want dizze wike waard bekend dat ien op de tsien fuotballers de ferplichte spilerspas ferrinne litten hat. Sûnder jildige pas meie se fan de KNVB net meidwaan oan de wedstriid.

De spilerspassen wurde foar de wedstriid kontrolearre troch de skiedsrjochter. As der fjouwer spilers binne sûnder jildige pas, giet de wedstriid net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)