Spilersgroep bliid mei Korbach

26 okt 2006 - 23:32

De spilersgroep fan de Harkemase Boys hat posityf reagearre op de komst fan de nije trainer Fritz Korbach. Tongersdeitejûn stelde de âld-trainer fan ûnder oare Cambuur en Hearrenfean him foar oan de spilersgroep.

Korbach komt yn it plak fan Pieter Bijl. Bijl waard woansdeitejûn troch it bestjoer fan de sneons-haadklasser oan de kant set. Assistint-trainer Abe Kuipers wit noch net oft er mei Korbach fierder wurkje wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)