Spilersfûns foar Cambuur

06 des 2007 - 11:34

Sportclub Cambuur krijt in spesjaal spilersfûns dêr't de club nije spilers mei oanhelje kin. Op dit stuit binne der al sân partijen dy't jild tasein hawwe foar it fûns. Under oare de fjouwer 'old boys' dy't Cambuur yn it ferline alris rêden hawwe, sille dêroan meidwaan.

It doel is dat Cambuur yn de winterstop al in tal nije spilers oanlûke kin. Sy moatte foar in kwaliteitsympuls soargje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)