Spilers LDODK yn Jong Oranje

12 apr 2012 - 20:29

Sieta Bijker en Erwin Zwart, beide spilers fan kuorbalklup LDODK, hawwe in útnoeging krigen foar it nasjonale team ûnder de 23 jier. Dat hawwe se bekend makke yn it programma Boppeslach Kafee. It is de earste kear dat dizze spilers by de seleksje sitte.

LDODK promovearre ôfrûne wykein nei de kuorballeague, it heechste nivo yn dizze sport, troch in oerwinning op OVVO yn de play-offs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)