Spilers Hearrenfean wichtich

22 nov 2007 - 10:38
  • Daniël Pranjic

Hearrenfean-spiler Danijel Pranjic wie woansdei wichtich yn de ynterlân tusken Kroatië en Ingelân. As ynfaller joech er de assist foar de winnende goal. Kroatië wûn mei 3-2 en dêrtroch giet Ingelân net nei it Europeesk kampioenskip.

Radoslaw Matusiak makke de 0-2 yn de wedstryd Servje-Poalen. De wedstryd einige yn 2-2. Brian Vandenbussche spile syn earste folsleine ynterlân en wûn mei België mei 1-0 fan Azerbeidzjan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)