Spilers Hearrenfean op it iis

27 feb 2013 - 15:58
  • Spilers SC Hearrenfean krije iishockeyclinic
  • Spilers SC Hearrenfean krije iishockeyclinic

De fuotballers fan SC Hearrenfean ha woansdei in iishockeytraining krigen fan de spilers fan de Unis Flyers. Ek de stêf fan de fuotbalklup wie op it iis fan Thialf op It Hearrenfean. Flyers-coach Chris Eimers naam de fuotballers, dy't yn offisjele iishockeyklean op it iis kamen, ûnder hannen. Marco van Basten die ek mei en hy hat it faker dien. Mannen as Zuiverloon en Van La Parra hienen der mear muoite mei en ien moast sels achter it hekje by de boardings lâns. It doel wie om de sinnen te fersetten.

Der waard traind, mar hiel serieus wie it net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)