Spilers fuort by Harkemase Boys, trenersduo bliuwt langer

12 feb 2015 - 21:06
  • Harkemase Boys

Fuotbalklup Harkemase Boys nimt oan de ein fan it seizoen ôfskie fan trije spilers. It giet om Johnsen Bacuna, Jasper Valentijn en Bryan Inge. De trije hawwe har fuortgean dizze wike bekend makke oan de rest fan de A-seleksje. Allegearre hawwe se noch gjin nije klup. Fan de trije hat Bacuna it langst by Harkemase Boys spile. Hy makke yn 93 offisjele wedstriden 28 doelpunten. Valentijn spile 59 wedstriden foar de klup, Inge alve.

It trenersduo Jan Vlap en Sjoerd Jan Eppinga hat it kontrakt by de klup mei in jier ferlingd. De trener en assistint-trener bliuwe oant de simmer fan 2016. Beide binne dwaande mei har earste seizoen by Harkemase Boys.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)