Spilers fan Flyers tsjin Kroatië

05 feb 2003 - 00:00

Fiif iishockyers fan de Formido Flyers binne oproppen foar de ynterlânwedstriid tsjin Kroatië. Coach Theo van Gerwen hat de goalies Marcel Nijland en Ruud van der Holst frege en de oanfallers Hans Kroon, Erik Landman en Marco Postma.

It Nederlânske team spilet kommend wykein twa kear tsjin Kroatië. Sneon stiet de wedstriid yn Tilburch op it program en snein is de wedstriid yn Eindhoven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)