Spiler Flyers moat it lân út

25 nov 2011 - 13:49

IIshockeyklup Friesland Flyers rekket ien fan syn topspilers kwyt. It giet om de Letske spiler Aleksandr Terjohins. De immigraasje- en naturalisaasjetsjinst set him it lân út om't syn papieren net yn oarder binne. Yn syn paspoart stiet it stempel 'Alien'. Dat betsjut dat er net offisjeel as Let besjoen wurdt.

De IND is de ôfrûne tiid folle stranger wurden wat bûtenlânske spilers fan sportklups oanbelanget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)