Spikerbroekdieven oanhâlden

10 des 2011 - 14:36

Mei help fan in tsjûge hat de plysje yn Surhústerfean freedtejûn twa winkeldieven oanhâlden. De tsjûge seach dat twa manlju klean út in winkel oan de Grinzerstrjitwei hellen. Tegearre mei de plysje gie de tsjûge achter de dieven oan.

By de manlju yn de buert fûn de plysje stellen spikerbroeken. It giet om in 40-jierrige man út Mearum yn Grinslân en in 39-jierrige man út de stêd Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)