Spijkerdorp posityf beoardiele

26 jun 2011 - 13:54
  • Ien fan 'e leden fan de Speeltuinbende yn Spijkerdorp

Boarterstún Spijkerdorp yn Drachten is geskikt foar bern mei in beheining, mar der moat hjir en dêr wol in drompeltsje fuorthelle wurde. Dat waard sneon fêststeld troch de Speeltuinbende fan de organisaasje foar bern mei in handicap, de NSGK.

It is foar it earst dat de speeltuinbende in boarterstún yn it Noarden teste. De Speeltuinbende bestiet út bern mei in beheining, dy't boarterstunen, húskes, kantines en boarterstastellen kontrolearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)