Speurtocht konteners giet troch

18 feb 2006 - 12:39

Rykswettersteat en bergingsbedriuw Wijsmuller út IJmuiden binne foar de kust fan Skylge noch hieltyd op syk nei tsientallen konteners, die in wike lyn fan board slein binne fan in frachtskip. As de konteners it skipfeartferkear hinderje, dan wurde se meikoarten út see helle.

Ferline wike sloegen 58 konteners oerboard fan it frachtskip P&O Mondriaan. Tolve spielden oan op Skylge; 46 binne sonken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)