Speurhûn fynt bút ynbrekkerij

20 maaie 2010 - 10:20

In plysjehûn hat woansdeitenacht yn Gytsjerk de bút fan in ynbrekkerij weromfûn. De ynbraak wie yn in hûs oan 'e Nije Strjitwei yn it doarp.

De ynwenners wiene wekker wurden en hiene de plysje warskôge. De ynbrekker wie al fuort, mar by in gersfjild yn 'e buert seach de plysje spoaren en waard de plysjehûn ynset. Dy fûn in tas en in laptop werom. De ynbrekker waard net fûn. De plysje docht ûndersyk nei de saak. De bewenners hawwe oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)