Spesjalisten fan De Sionsberg spanne koart pleit oan

28 nov 2014 - 12:07
  • By De Sionsberg stiet it boerd Veni, vidi, vici

De spesjalisten fan De Sionsberg yn Dokkum spanne freed in koart pleit oan tsjin de direksje fan it sikehûs. De medyske stêf wol de polyklinyk folslein iepenhâlde oant de kurator in oardiel jout oer it plan foar in trochstart fan De Sionsberg.

Nettsjinsteande de plannen foar sluting fan it sikehûs wurkje meiwurkers troch om de boel draaiende te hâlden. Yntusken wurdt der medyske apparatuer fuorthelle. It personiel fynt dat frjemd, om't it fallisemint noch net útsprutsen is. Ek soe de direksje pasjinten ôfbelje.

Nei alle gedachten wurdt it fallisemint no tiisdei útsprutsen oer de folsleine Pasana Soarchgroep, ynklusyf de âldereinsoarch. Mei-inoar giet it om hast 1400 minsken dy't dan op strjitte komme te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)