Spesjalisten De Sionsberg witte net wêr't se oan ta binne

25 nov 2014 - 12:27
  • De Sionsberg

De spesjalisten fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum meitsje har bot soargen oer de pasjintestop dy't moandeitemiddei ynsteld is. Neffens kardiolooch en wurdfierder fan de spesjalisten fan De Sionsberg, Jan Leendert Brouwer, is net dúdlik wat de reden is foar de pasjintestop. Hy hat der by de direksje nei frege, mar krijt hjir gjin antwurd op.

Ek is it foar de spesjalisten net dúdlik wat se no wol en net dwaan meie oan soarch. As ien yn it sikehûs in hertoanfal krijt, dan soe de kardiolooch net sels yn aksje komme meie, mar moat hy 112 belje.

De situaasje soarget foar in soad ûnrêst. De direksje fan it sikehûs wol net reagearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)